Eksposysje moannen letter

De 'boomtoren' is ien fan de keunstwurken
De eksposysje Homo Ludens yn Aqua Zoo by Ljouwert hat moannen fertraging oprûn. De eksposysje soe tûzenen besikers lûke. De gemeente Ljouwert joech 250.000 euro subsydzje. Dizze simmer soe de start wêze, mar dat wurdt pas yn septimber.
It projekt moast bot oanpast wurde doe't it oerdroegen waard fan de Kenniskampus oan Aqua Zoo. Homo Ludens betsjut 'boartsjende minsk'. Bern mei yn de 12 keunstwurken klimme en kinne der mei eksperimintearje.