Grutte drokte oan it strân
De waarmste dei oant no ta soarge foar grutte drokte op en om it Fryske wetter tongersdei. Tûzenen minsken sochten de Fryske marren op en de ferskate kustplakken. Sa hie it strân fan Makkum de drokste dei oant no ta. Oer de hele dei kamen dêr goed 6000 minsken.
Troch de drokte moasten minsken kilometers fierderop al harren auto parkeare.