Svec ûnwis foar NEC

© Omrop Fryslân
It is ûnwis oft Hearrenfeanspiler Michal Svec freedtejûn meispylje kin yn de útwedstriid tsjin NEC. De Tsjech hat lêst fan syn nekke en trainde tongersdei yn de lêste training foar de wedstriid apart fan de groep.
Ek Keeper Brian Vandenbussche is net fit. Hy hat lêst fan syn rêch en Vandenbussche sit net by de seleksje foar de wedstriid tjin NEC. Nei alle gedachten sil de nije doelman Martin Lejsal syn plak oernimme.