Boat útbaarnd by Tsjerkwert
Der is woansdeitemiddei in boatsje útbaarnd by Tsjerkwert. It boatsje lei by de brêge oer it Van Panhuyskanaal. Op it stuit fan de brân wiene der gjin minsken oan board. De brânwacht wie der gau by, mar koe net foarkomme dat de boat hielendal útbaarnde.
It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is.