'Gjin langere skoalfakânsje'

06 aug 2009 - 12:12

It ferlingen fan de skoalfakânsjes om in útbraak fan de Meksikaanske gryp te fertraagjen is ûnmooglik. Dat seit de foarsitter fan skoalmienskip Piter Jelles. Foaral de eksamens soene yn de hobbel reitsje.

Grypsaakkundigen tinke dat in langere fakânsje de pyk fan besmetting ûntregelje kin. Skoallen binne briedplakken fan de fersprieding fan it firus. By grutte útfal fan dosinten sil Piter Jelles besykje de lessen yn de eksamenklassen foarrang te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)