Dieven bûtenboardmotoaren pakt

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne twa manlju út Sint Anne en Menameradiel oanhâlden. Se hiene fiif bûtenboardmotoren stellen.
In tsjûge seach hoe't de mannen op in parkearplak bûtenboardmotoren fan de iene yn de oare auto oan it oerladen wiene. De tsjûge fertroude dat net en belle de plysje de kentekens fan beide auto's troch. Doe't de plysje op it parkearplak kaam, wiene de mannen al fuort. Mei help fan de kentekens koene se frij gau oppakt wurde. De twa binne fêstset.