Brân yn loads: 2 merjes dea
By in brân yn in loads njonken in pleats yn Molkwar binne woansdeitejûn twa merjes om it libben kaam. De brân is nei alle gedachten ûntstien yn in heabulte. De brânwacht tinkt dat der broei ûntstien is yn it hea.
De brânwacht wie der wol gau by, mar koe net foarkomme dat de loads, mei de hynders deryn, folslein ôfbaarnde.