Tandems besette Appelskea

Minsken yn de omkriten fan Appelskea sjogge dizze dagen wat mear tandems foarby kommen as gewoanwei. En dat hat alles te krijen mei de Ynternasjonale Tandemrally dy't dizze wike hâlden wurdt. De 340 dielnimmers komme oeral wei, mar de measten komme út Ingelân.
Ek binne der minsken út Israël, Amearika en Dútslân. Dat it in rally hjit, betsjut net dat der hiel rûch mei tandems omskuord wurdt. Der wurde alle dagen ritten riden fan trije nivo's, mei genôch tiid om te rêsten.