Supermerk set befeiliger yn

Drokte yn supermerk yn Heech Foto: Remco de Vries
Supermerk Gerritsma yn Heech hiert dizze wike in befeiliger yn om it publyk fan de Snitswike yn de gaten te hâlden. It giet om groepen jongerein dy't hast net yn de stringen te hâlden binne. Dizze wike reizgje de fakânsjefierders tusken Snits, Grou, Langwar en Heech. Se komme yn grutte kloften yn de winkel en gedrage harren net al te goed. As der in befeiliger rûn rint, wurdt dat in stik better.
It is de twadde kear dat de winkel in befeiliger ynskeakelt.