Wjelsryp wint de Freule wer

Wjelsryp hat woansdei foar de twadde kear achterinoar de Freulepartij wûn. Pieter Sybren Scharringa, syn neef Jelle Scharringa en Elmar Pieterse wûnen de finale fan it partoer fan Minnertsgea.
Yn dy finale rûn Wjelsryp al gau út nei 5-1, mar Sjoerd Janzen, Roan-Hein Joostema en Hendrik Kootstra begûnen oanslutend oan in ynhelrace foar Minnertsgea. Op 5-4 en 6-6 makke Wjelsryp de partij út. De bliidskip yn it doarp is grut.