Plysje fynt plaknambuorden

Nije trend: jongeren stelle plaknamboerd
It stellen fan plaknambuorden is in nije trend ûnder jongeren. Mar in soad gemeenten yn ús lân krije har stellen boerd werom. De plysje fan Skylge hat se oantroffen.
Jonge fakânsjegongers wolle sjen litte wêr't se weikomme en nimme de buorden mei. De plysje hat ekstra tafersjoch hâlden by de boat en de yllegale plaknambuorden yn beslach nommen.