Moaiste foto is fan Achmeatoer

In foto fan de Achmeatoer yn Ljouwert is keazen ta moaiste foto fan de simmertoer Nieuwe Groeten Uit.... Dat is in fotoprojekt dat it Nederlân fan no fêstlizze wol. It reizgjende paviljoen wie tiisdei yn Ljouwert. In faksjuery hie fjouwer foto's selekteard en it publyk mocht de winner kieze. De foto fan de Achmeatoer is makke troch Rinske Koster.
De moaiste foto's binne takom jier te sjen yn in museum yn Arnhem.