Nij boek Johan Veenstra

Johan Veenstra hat in nij boek skreaun
It nijste boek fan Johan Veenstra wurdt ein augustus presintearre yn Nijeholtpea. It boek hjit 'Et geheim van de wiend'. It is it 22e boek fan de Stellingwerver skriuwer en giet oer in boerefamke dat fereale wurdt op in arbeider fan de Feluwe.
It boek wurdt útjûn troch de Stellingwarver Schrieversronte. Der wurde 1500 ekspimplaren printe. In dei nei de presintaasje sil Johan Veenstra syn boek ek sinjearje by boekwinkels yn Easterwâlde en Wolvegea.