Grêf E.D. De Jong mei ferhúzje

05 aug 2009 - 10:56

De grêven fan Egbert Douwe de Jong en syn dochter Klaske op it tsjerkhôf yn Sint Nyk meie ferpleatst wurde. Dat wol de katolike parochy graach om romte foar in nij paad te meitsjen.

Soan Egbert Douwe wol dat syn heit op it plak lizzen bliuwt dêr't er leit. Dat soe de winsk fan syn mem wêze. Hy hat in saak oanspand, mar de Steatsrie hat bepaald dat de grêven ferpleatst wurde meie. Oare famylje is it dêr mei iens. De gemeente hie der ek al in fergunning foar jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)