Jild foar flats Schieringen

Jild foar behâld flats Schieringen (argyffoto)
Ljouwert krijt 50.000 euro fan it Ryk om njoggen flats yn de wyk Heechterp-Schieringen op te knappen. Dat jild komt út in lanlike regeling fan acht miljoen euro foar it behâld fan byldbepalende gebouwen en terreinen yn oandachtswiken. Dy miljoenen binne net foar renovaasje, mar foar it op 'e nij ûntwikkeljen fan gebouwen.
De Schieringerflats binne keazen om't der gjin trep of lift is, mar in hellingbaan om nei boppe en ûnder te kommen. Dat is unyk yn Nederlân.