Wer foksen op Flylân sjoen

© Omrop Fryslân
Jagers ha de ôfrûne tiid wer foksen sjoen op Flylân, mar it is noch net slagge se te sjitten. Ek is der in hol fûn dêr't in tal fan de foksen libbe hat of noch hieltyd komt.
De wyldbehearsienheid fan Flylân is no in tsien dagen nei it sjitten fan de twadde foks noch elke dei op paad. Dêrby binne der dus wol foksen sinjalearre en net allinnich by it hol. Der wurdt neitocht oer in gruttere ynset fan jagers om de bisten dea te meitsjen.