Opblaasbere foto-eksposysje

Nêst de Waach yn Ljouwert stie tiisdei in opblaasbere fototentoanstelling. Dêryn binne de hûnderten foto's fan Fryslân te sjen dy't ús provinsje it bêste karakterisearje moatte. Elk is oproppen troch de organisaasje fan it projekt 'Nieuwe Groeten Uit' om dêrfoar foto's yn te stjoeren.
Itselde bart ek yn oare provinsjes en úteinlik moat der ien grutte lanlike eksposysje troch ûntstean foar it nije Nasjonaal Histoarysk Museum.