Profronde mei Contador

04 aug 2009 - 15:57

Tour de France-winner Alberto Contador is tiisdei de grutte publykslûker by de 28ste Profronde fan Surhústerfean. Der wurde dan ek in soad minsken ferwachte, ek al om't it waar meiwierret.

Tiisdeitemiddei wie it al aardich drok by de wedstryd foar de froulju. Gewoanwei komme sa'n 30 tûzen minsken nei it hurdfytsen te sjen. De organisaasje ferwachtet dit jier mear besikers. Pieter Weening is net fan 'e partij. Erik Zabel wûn ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)