Lik-op-stik-belied op Skylge

04 aug 2009 - 15:34

De plysje fiert dizze wiken op Skylge in lik-op-stik-belied om jongeren yn de stringen te hâlden. Der wurdt net mear warskôge. Wa't alkohol drinkt op strjitte of yn it iepenbier pisset, krijt fuortendaliks in boete.

Alle nachten patrouillere 6 plysjeminsken troch West en Midslân. Se wurde holpen troch portiers en in befeiligingsbedriuw. Benammen drankgebrûk op strjitte sil wer oanpakt wurde. Der stiet in boete fan 60 euro op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)