Drachtster krijt 4 jier sel

© Omrop Fryslân
In jonge (19) út Drachten is tiisdei feroardiele ta fjouwer jier sel mei ien jier ûnder betingst fanwege in searje oerfallen mei geweld. De jonge oerfoel in bussjauffeur, in snackbar en in winkel en brûkte dêrby messen en neppistoalen. Fierder hat er in frou oanrand en hat er ynbrutsen yn huzen.
De straf is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje. By de oerfallen wiene ek noch twa minderjierrige jonges belutsen. Har saak tsjinnet by de bernerjochter.