Fernielings auto's yn Burgum

It tal oanjeftes en meldings fan fernielings oan auto's yn Burgum is omheech gien nei 46. Yn fjouwer strjitten yn Burgum binne yn de nacht fan sneon op snein parkearde auto's fernield. Yn de Van der Walstrjitte, de Van der Ploegstrjitte, De Ymkerstrjitte en de Ademastrjitte waarden antennes, spegels en rútwiskers fernield en auto's bekrast.
Tsjûgen hawwe har noch net by de plysje meld. Fan de dieder of dieders ûntbrekt noch elk spoar.