Gaspistoal yn beslach naam
In 17-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is moandeitejûn oanhâlden om't er mei in gaspistoal op de lûdswâl by it Abe Lenstrastadion oan it sjitten wie. Plysjes seagen de knaap tegearre mei in maat stean op de Dalhuysenstrjitte.
Neist it pistoal hie de jonge in pûde mei kûgels by him. It pistoal en de kûgels binne yn beslach naam.