Ballon makket needlâning

04 aug 2009 - 09:41

Ballonfarder Hylke Feenstra fan De Jouwer moast syn ballon mei 14 passazjiers moandeitejûn op de Jousterwei by Haskerhoarne delsette. De wyn foel ûnferwachts fuort.

Der siet neffens in wurdfierder fan it ballonbedriuw Greetzz neat oars op as de ballon op de dyk del te setten. Der hat neffens him gjin gefaar west foar it ferkear. Auto's stoppen op 'e tiid sadat Feenstra syn ballon rêstich delsette koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)