Gemeente pakt hûnestront oan

Kontroleurs warskôgje earst net
De gemeente Dantumadiel stjoert kontroleurs de dyk op om derop ta te sjen oft eigners fan hûnen de stront fan har hûn wol oprêde. Neffens de gemeente litte baaskes de stront fan de hûn faak lizze. It is neffens de gemeente ien fan de grutste ergernissen fan de ynwenners.
Dantumadiel hiert dêrom meiwurkers fan it bedriuw SafetyNed yn om te kontrolearjen. Dy warskôgje earst. As dat net helpt, dan folgje oare maatregels.