Giele trui Sierk-Jan de Haan

03 aug 2009 - 21:04

Sierk-Jan de Haan hat moandei yn de tredde etappe fan de Ronde fan Namen de giele trui ferovere. De 28-jierrige Dokkumer waard twadde yn de etappe oer 159 kilometer en dat wie genôch om de lieding oer te nimmen. De Haan ferlear de einsprint fan de Belch Edwig Cammaerts.

Yn de earste twa etappes waard Sierk-Jan 22ste en fyfde. Yn it algemien klassemint hat er no in foarsprong fan tsien sekonden. De Ronde fan Namen duorret noch oant en mei woansdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)