Timmerfabryk kin wer draaie

03 aug 2009 - 20:44

Timmerfabryk Drijfhout yn Jiskenhuzen hopet binnen twa oant trije wike wer draaie te kinnen. Dat is bysûnder want it fabryk baarnde ferline wike hielendal út nei in wjerljochtynslach.

De earste skrik is no foarby en der is mei alle wurknimmers thús praat oer de takomst fan it bedriuw. As earste moat it wurk wer op gong komme yn in tydlike lokaasje. Der binne neffens it fabryk genôch lokaasjes oanbean om dat binnen in pear wike dwaan te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)