Ferkearsljochten dogge it wer
De ferkearsljochten yn de A32 by Wurdum dogge it wer. In spesjalisearre bedriuw hat de stikkene ljochten moandeitejûn reparearre.
De ljochten fan it krúspunt wurken sûnt ferline wike woansdei net. Rykswettersteat brocht dêrom de maksimum snelheid op it stik dyk werom fan 100 nei 70. Ek wiene in pear rydstroken ôfsletten. Dy maatregels binne no foarby.