Weening yn Vuelta seleksje

03 aug 2009 - 19:12

De Fryske hurdfytser Pieter Weening sit yn de foarriedige seleksje fan de Rabobank foar de Vuelta. Dat hawwe de ploechlieders Erik Breukink en Adri van Houwelingen bekendmakke.

De Ronde fan Spanje set 29 augustus út ein yn Assen. Robert Geesink is kopman fan de ploech. De definitive groep fan njoggen renners wurdt bekendmakke nei 21 augustus.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)