Autorider Junokade bliuwt fêst

03 aug 2009 - 16:56

De Ljouwerter (20) dy't freedtejûn belutsen wie by it deadlike ûngelok op de Junokade yn Ljouwert bliuwt noch twa wiken fêst sitten. Dat hat de rjochterkommissaris moandei besletten.

De Ljouwerter bestjoerde de auto dêr't in motorrider (24) tsjinoan botste doe't er in wheelie makke. De motorrider waard meters fuortslingere en wie op slach dea. De automobilist en syn passazjier (29) naaiden nei it ûngelok út, mar waarden letter pakt. De bestjoerder hie gjin rydbewiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)