Feilich farre mei GeoMedic

© Omrop Fryslân
Mei help fan it systeem GeoMedic kinne tenei ek groanysk sike minsken op de Fryske marren farre. No bliuwt dy groep thús út benaudens dat help net op tiid komt as der wat mis giet. Troch in alaarmknop dy't ferbining hat mei de ambulânseboat op de Snitsermar is dat tenei gjin probleem mear. Tsien hierboaten binne no fan it GeoMedicsysteem foarsjoen. It systeem kin foarearst allinnich brûkt wurde op de marren yn Súdwesthoeke, mar ek oare wettersportregio's hawwe belangstelling.