Provinsje is keunstwurken kwyt

© Omrop Fryslân
De keunstwurken dy't de provinsje kwyt woe ha in nij plak krigen. Mei-inoar 260 keunstwurken út de kolleksje fan 'e provinsje moasten fuort omdat se net mear by de kolleksje pasten. Om se kwyt te reitsjen hie de provinsje se op ynternet set, mar dêr wiene guon keunstners lulk oer. Sadwaande krigen dy de kâns om har wurk earst werom te freegjen.
160 wurken binne no weromgien nei de keunstners, 21 wurken ha in plak krigen yn ien fan de Fryske musea.