Meksikaanske gryp op Appelhof

03 aug 2009 - 15:47

De GGD hat moandei befestige dat twa jonges op kemping De Appelhof op Skylge de Meksikaanske gryp hân hawwe. De jonges ha in pear dagen op bêd lein en binne no wer better. Eigner Van Dieren fan kemping Appelhof op Skylge is net bliid mei iepenheid fan de GGD.

Fryske húsdokters krije hieltyd mear tillefoantsjes fan minsken dy't tinke dat se de Meksikaanske gryp oprûn ha. Se krije it advys om op bêd te gean en út te sykjen, se meie net nei de dokterspraktyk komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)