Zijsling winner IFKS Starum

03 aug 2009 - 15:34

Siebo Zijsling wûn moandei de twadde IFKS-wedstriid by Starum. Hy bleau in grut ein foar de rest fan de float, yn in wedstriid dy't stadich ferrûn. Delmer Los einige as twadde, Walter de Vries waard tred.

Talsma starte hast in minút letter, mar einige dochs as fjirde. Huisman krych in protest fan Vlasbloem nei in oanfarring. De finish waard der earder ynlein om't de wyn ôfnaam. De wedstriid duorre hjirtroch krap langer dan in oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)