Strânbyb Makkum hat plannen

© Omrop Fryslân
De strânbiblioteek by Makkum wol takom jier net allinich boeken en tydskriften útliene. Der binne plannen om toeristen ek literêre kuiertochten oan te bieden. Troch Makkum hinne soe bygelyks in tocht organisearre wurde kinne mei in gids dy't fertelt oer skriuwer Wybren Altena.
De strânbiblioteek wol him mei de tochten rjochtsje op in oar publyk as strânbesikers en ferwachtet dat der ferlet fan is. De strânbiblioteek hat dizze moanne sa'n 1000 minsken lutsen.