Lesley Fellinga nei FC Toronto

03 aug 2009 - 15:05

SC_Hearrenfean-spiler Lesley_Fellinga ferhuzet nei de Kanadeeske klup FC Toronto. Hy hat dêr in kontrakt tekene oant 1 desimber, de ein fan de Kanadeeske kompetysje.

De ferdigener wie transferfrij en hat staazje rûn by FC Toronto. Dêr makke hy in protte yndruk tidens in oefenwedstriid. By Hearrenfean koe Fellinga nea trochbrekke. Hy spile ien wedstriid yn de basis. Dat wie de UEFA-cupwedstriid tsjin Vitoria Setúbal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)