F16's oefenje boppe Marnewaard

© Omrop Fryslân
F16's fan de fleanbasis Ljouwert sille fan 11 oant en mei 28 augustus oerdeis boppe de Marnewaard fleane. Op freed 7 novimber wurdt der oerdei oefene boppe it militêr terrein. De tastellen meie op dat plak op 2 kilometer hichte fleane.
De piloaten meitsje gebrûk fan it terrein om it útskeakeljen fan grûndoelen te oefenjen. Dit is nedich om de piloaten foar bygelyks aksjes yn Afganistan te trainen.