Minder tiken op Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
Der binne dit jier folle minder tiken fongen op Skiermûntseach as de ôfrûne jierren. Dat blykt út tellingen fan 'e Lânbou-universiteit Wageningen. De universiteit hat tolve telplakken foar tiken; Skier is dêr ien fan.
It resultaat is opfallend, want op de measte oare telplakken, lykas yn Gieten, waarden krekt folle mear tiken fongen. It is noch net dúdlik hoe't it krekt kin dat der op Skiermûntseach mionder tiken binne.