Freulepartij hat eigen dokter

03 aug 2009 - 11:57

De Freulepartij yn Wommels hat fan't jier foar it earst in eigen Freuledokter. Dizze dokter kin op elts momint oan it wurk, as der wat is mei de keatsers of it publyk. De organisaasje fan de Freule wol net ôfhinklik wêze fan de dokterswacht. Dat soe yn needgefallen te lang duorje kinne.

Sa't it no liket wurdt it woansdei tige waarm op de Freuledei. De Freulepartij lûkt yn 'e regel sa'n 6.000 minsken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)