Steur nei ûnderwiisynspeksje

03 aug 2009 - 10:21

De eardere direkteur fan it kristlik foartset ûnderwiis Súdwest-Fryslân CVO Rick Steur is de nije lanlik haadynspekteur fan de ûnderwiisynspeksje.

Steur wie de driuwende krêft efter de komst fan de kampus foar dreech learjende bern nei Harich. De skoalle dêr soarge foar in soad wjerstân fan omwenners. Op it stuit wurdt de kampus bedrige mei sluting omdat der grutte finansjele tekoarten binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)