Wer farferbod Grinzer skipper

03 aug 2009 - 09:56

In Grinzer skipper (34) is snein op Skylge foar de twadde kear dit wykein oanhâlden. Hy wie oan it farren wylst er tefolle alkohol dronken hie. Hy krige opnij in farferbod fan 18 oeren.

In dei earder woe de man de jachthaven fan Skylge ferlitte doe't de plysje him nei oanlieding fan tips fan omstanners oanhâlde. Ut ûndersyk die bliken dat er mei tefolle alkohol yn it bloed oan it farren wie. Hy hat proses-ferbaal krigen en syn skip is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)