José v.d. Veen tredde op NK

02 aug 2009 - 17:31

Atlete José van der Veen hat op de 800 meter brûns helle by it Nederlânsk kampioenskip atletyk yn Amsterdam. Van der Veen wol op dizze ôfstân nei de Olympyske Spelen yn Londen. Hjirfoar moat se in tiid ûnder de twa minuten rinne. Har persoanlik rekôr is no 2.03.

José van der Veen komt fan oarsprong út Drachten, mar wennet no yn it Amerikaanske El Paso yn Teksas. Hjir wurket en traint de Fryske hurdrinster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)