Nikki Woudstra tredde op NK

© Omrop Fryslân
Heechspringster Nikki May Woudstra út Wolvegea hat snein yn it Olympysk stadion fan Amsterdam brûns helle op it Nederlânsk kampioenskip atletyk.
De 21-jierrige atlete út Wolvegea helle yn har earste sprong in hichte fan 1.73, en dat wie fuortendaliks genôch wie foar in tredde plak.De titel gie nei Sietske Noorman út it Brabânske Best mei 1.79. Ramone Fransen fan Lisse waard twad mei 1.76.