Laverman wer yn Mongoalië

02 aug 2009 - 14:44

Sjongeres Nynke Laverman fan Frjentsjer is wer yn Mongoalië. Yn dit lân die se twa jier lyn ynspiraasje op foar har lêste cd en teaterprogramma Nomade. Laverman wenne doe in skoft by in Mongoalyske famylje yn in tinte.

Laverman wol no har gastfamylje wer opsykje om harren de cd Nomade oan te bieden. "Ik haw harren tasein dat ik wer weromkomme soe, en dan moatte je dat ek dwaan", sa seit Laverman. Ek wol se in skofte opreizgje mei in stam dy't mei rendieren rûnreizget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)