4 keallen dea by oanriding

02 aug 2009 - 14:13

By in oanriding op de Hearewei op De Lemmer binne sneontejûn fjouwer keallen om it libben kommen. De keallen rûnen op de Hearewei in Lemster (21) temjitte, dy't krekt fan de A6 kommen wie. De man koe it jongfee net mear ûntwike. Hy rekke fjouwer fan 'e acht keallen. De bisten ferstoaren oan harren ferwûnings.

De noch libbene keallen waarden yn in greide treaun en letter troch de eigner ophelle. It jongfee wie ûntsnapt út in stik lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)