Ynbrekker oppakt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert hat de plysje in man oanhâlden op fertinking fan it ynbrekken yn kelderboksen yn de Ikestrjitte yn Heechterp. De plysje seach koart nei de ynbraak twa manlju rinnen dy't foldiene oan it sinjalemint dat se krigen hiene.
De manlju naaiden út. Nei in achterfolging koe in man út Lelystêd (21) oanhâlden wurde. De twadde fertochte wist te ûntkommen. De man út Lelystêd is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten.