Schuil/Nummerdor wurde tredde

02 aug 2009 - 12:08

Beachfoljeballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne der net yn slagge om de finale te berikken fan it grandslamtoernoai yn it Eastenrykse Klagenfurt. Schuil en Nummerdor ferlearen snein yn de heale einstriid mei 21-19, 13-21 en 15-17 mar krekt fan it as twadde pleatste Brazyljaanske duo Harley Marques en Alison Cerruti.

Yn 'e striid om it tredde plak wûnen Schuil en Nummerdor mei 21-19 en 21-17 fan de Russen Kolodinski en Barsoek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)