Marit Bouwmeester fjirde op WK

02 aug 2009 - 11:31

Marit Bouwmeester fan Warten is op it wrâldkampioenskip silen yn de Laser Radial klasse fjirde wurden. Yn it Japanske Karatsu waard de 21-jierrige sylster yn de alfde en tolfde wedstriid tredde en fiifde. Dêrmei klom se nei it fjirde plak yn de einstân, krekt te min foar in plakje op it poadium.

De wrâldtitel wie foar Sari Multala út Finlân, Sophie de Turckheim fan Frankryk waard twadde, Anna Tunnicliffe fan Amearika tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)