Needkafee 't Houtsje

02 aug 2009 - 08:56

Op It Hearrenfean is in needkafee iepene foar de stamgasten fan it ôfbaarnde kafee 't Houtsje. Tsjin de sketten dy't om it ôfbaarnde kafee hinne stean, is in bar boud.

It needkafee is mooglik makke troch de ynset fan útbater Thom Mulder, syn personeel en ek oare hoarekabedriuwen. Dy leveren bygelyks barkrukken en parasols foar it iepenloft kafee. It Houtsje baarnde twa-en-in-heale wike lyn folslein ôf. Mulder set him bot yn foar nijbou fan syn kafee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)