Trelitten yn Snits

01 aug 2009 - 15:13

In man (79) út Snits is freed yn syn wenplak ferwûne rekke oan de holle. De man fytste oer in parkearterrein oan de Dompleane, mar hie net sjoen dat de slachboom delkaam. Hy krige him tsjin de holle en foel op de grûn. De man is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De plysje hat freedtenacht in Snitser oanhâlden om't er mei in fjoerwapen drige. Hy hie it wapen lutsen doe't er dy jûn spul hân hie mei in jonge fan 16. Dy skeakele de plysje yn. Dy hat de fertochte opspoard en fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)