Brân melkfeebedriuw De Haule

© Omrop Fryslân
De brânwacht hat it fjoer by in melkfeebedriuw oan de Doarpsstrjitte yn De Haule ûnder kontrole. De brân ûntstie sneontemoarn om healwei njoggenen hinne yn in lossteande skuorre. It fee dat der ynstie, koe derút helle wurde. In keal hat brânwûnen oprûn.
De brânwacht wie mei trije korpsen útrukt, dat fan Haulerwyk, fan Easterwâlde en fan Appelskea. By it neiblussen wie de omjouwing ôfset.